Utljochte: Oane Attema

Útljochte: Oane Attema
Yn dizze rubryk wurdt eltse thúswedstriid in (eks)spiler,(eks)trener as supporter útljochte. Dizze wike is it wurd oan Oane Attema.  

Hat Oane sels ek fuotballe?
Ja, Oostergo is oprjochte yn 1964 en ik bin yn 1965 begûn oant 1967. Dit wie noch op it âlde fjild, wêr’t wy no sa’n bytsje op wenje. Ik wie doe 15 jier.   

Wat ha jo fierder noch dien by Oostergo?
Earst neat, sa’n njoggen jier. Dernei bin ik begûn as lieder fan de A’s, tegearre mei Sytze Sipma. Ik bin 28!! jier lieder west fan de jeugd en ek noch in heal jier fan it earste. Fierder haw ik noch in sit yn it jeugdbestjoer, bin wedstriidsekretaris en sit yn de redaksje fan it klupblêd. 

Wat wie de moaiste perioade dy’t Oane meimakke hat?
Dat wie as lieder fan de C’s yn de tiid fan Gerrit Mossel, Durk Sieds en Oane Geart Nutma. Dat wie ek in goeie fuotballer.

Wa wie de bêste spiler yn al dy jierren?
Fan de spilers dy’t ik sels ûnder myn lieding hân ha is dat Peter Braaksma.  

Wat wie it minpunt yn al dy jierren?
Der wienen faaks gjin sjauffeurs, der wie doe noch gjin riderslist. Do stiest der faak allinnich  foar. 

As Oane kieze moast tusken in Frysk kampioenskip mei de jeugd as in promoasje fan it earste nei de twadde klasse dan...
....kampioen mei de jeugd, allinne as ik sels der dan by belutsen wie. Dan dochst der dochs in soad foar en hopest dat sy kampioen wurde. As ik gjin lieder wie dan dochs it earste nei de twadde klasse. De klup draait dochs foar in part om it earste, mar goeie jeugd is ek goed foar de takomst! 

Hoe sjocht Oane de takomst fan Oostergo?
Muoilik. Der binne hieltiten minder minsken yn de doarpen en sadwaande ek minder fuotballers. Dêr komt noch by dat de jeugd faak ek oare dingen hat. It sil dreech wurde om yn de takomst yn eltse jeugdkategory in ploechje te krijen. 

Wat docht Oane as der gjin fuotbaljen is?
Ik bin dan oan it wurk. Ik sjoch no ek net safolle fuotbal mear omdat fan 1 maart oant 31 oktober it Fiskershuske iepen is. Der bin ik dan oan it wurk. Myn oare hobby’s binne klaverjassen, fytse en puzzelje.      

Wa wurdt kampioen yn de 3e klasse B?
Hurdegaryp. En as Oostergo de lêste twa wedstriden wint dan pakke wy ek noch in perioade!

Oostergo – WTOC?
4-1.

Oane, tank foar jo meiwurking en foar de ynset yn al dy jierren (en no noch)! Dit is alwer de lêste útljochte fan dit seizoen, as soe der noch in perioade ynsitte? Om 16.30 witte wy al in soad mear!

 

Uitslagen zaterdag 26 april
Uitslagen zaterdag 19 april

By accepting you will be accessing a service provided by a third-party external to https://www.dorp-ee.nl/