Utljochte: Klaas Sipma

Útljochte: Klaas Sipma 
Yn dizze nije rubryk wurdt eltse thúswedstriid in (eks)spiler,(eks)trener as supporter útljochte. In bytsje as de supporter fan de wike dus. Dizze wike eksspiler Klaas Sipma.  


Hoe lang hast spile by VV Oostergo?
Ja, ik bin yn de f-kes begûn en haw fuotballe oant myn 32e. Fansels altiten by Oostergo. Yn de f-kes wie ik keeper, allinne mar om’t ik fier útskoppe koe...

Wat wie de moaiste perioade dy’tst meimakke hast?
Dat wie it jier dat wy promovearre binne nei de 2e klasse en de twa jier derfoar doe’t it krekt net slagge. Wy wisten gewoan dat wy fan elts winne soenen en it fuotballen wie genietsjen.

Wa wie de bêste spiler wêr’tst mei spile hast?
Arjen Hoekstra, al hie der noch mear ynsitten. Eeltsje Wiersma wie it fanatykst.  

Wat wie it djiptepunt fan dyn karriêre?
Dat kaam rûn myn 27e. Ik wie gjin trainingsbist en krige te meitsjen mei blessueres. It grutste djiptepunt wie ferline jier tsjin CSVH. Doe ha ik noch efkes mei it earste meidien mar gong de knibbel yn pún. Dernei bin ik stoppe.    

Wat dochst ast net nei it fuotbaljen giest?
Ik haw in grutte tún, sit yn de tsjerkeriid, mei graach racefytse mar it leafste spaan ik wat om mei myn dochter. As hobby bin ik ek oant draven mei in kollega fan it wurk.  

Mist it fuotbaljen ek?
Nee, wol de âlde garde en it sosjale mar it spultsje sels net.

Wa wurd kampioen yn de 3e klasse B?
Ik gun it Ron de Boer dus sis ik Be Quick.

Wa tinkst dat ôfdale sille nei de 4e klasse?
WTOC en Berltsum geane rjochtstreeks, Friese Boys moat der om spylje.

Op hokker plakje sil Oostergo einigje dit seizoen?
Ik tink 9e, krekt genôch dus.

Takomst Oostergo?
Mei dit jeugd- en haadbestjoer sjoch ik it sinnich yn. It beliid sit wol goed. As de kategory 16-20 jier goede begelieding kriget dan bliuwt Oostergo seker wol 3e klasser.  

Oostergo – Feanwâlden?
3-2.

Folgjende útljochte (ûnder foarbehâld): Eeltsje Wiersma.

 

 

Update: jeugd afgelast en 2e, 1e en 3e gaan DOOR!
Oostergo C-keeper Jelmer Hoekstra beste keeper van...

By accepting you will be accessing a service provided by a third-party external to https://www.dorp-ee.nl/