Supporter van de week: Richard Prins

Supporter fan ‘e wike 48 (01-12-07): Richard Prins alias Toy

Bist sels aktyf (west) by VV Oostergo?
Ja, ik bin yn de f’kes begun. Ik bin der twa jier tusken út west, mar bin 6 jier ferlyn wer begun.

Wat lûkt dy neist dyn eigen fuotbal nei sportpark de Streng?
As earste mei ik graach fuotbaljen sjen en derneist mei ik sa no en dan wol efkes yn de kantine sitte.

Wat kin der better by VV Oostergo?
De kofje is wat te flau.

Hast ek oare hobby’s
Jaseker, ik gean eltse sneontemoarn efkes te fiskjen. Nei it fiskjen moat ik dan fuotbalje mei it twadde.

Wa wurd kampioen yn de 3e klasse B?
Be Quick, dat kin hast net oars.

Wa tinkst dat ôfdale sille nei de 4e klasse?
WTOC en Berltsum.

Op welk plakje sil Oostergo eindigje dit seizoen?
Ik tink 7e, moai yn it midden.

Echt gers as kunstgers?
Echt gers. Fierders mei ik ek graach sealfuotbalje, dat doch ik ek mei it wurk. It soe moai wêze as wy yn ‘e winter ek sealfuotbalje kinne mei it twadde.

Kampioen Earedivyzje?
Ik tink Ajax, mar hoopje fansels it Hearrefean.

Takomst Oostergo?
Dit jier wurdt it wer lêstich mar ik tink dat wy dochs 7e wurde. De kommende jierren sil Oostergo ek wol yn de 3e klasse bliuwe. As sy ien kear degradeare dan wurdt it lêstich om wer yn de 3e klasse te kommen.

Bêste spiler fan Oostergo?
Halbe Mossel, dy moat de boel mar op sleeptou nimme.

Oostergo – ONT?
3-1.

Folgjende supporter fan ‘e wike: Janco Prins.

 

Johannes Douma ook volgend seizoen hoofdtrainer va...
Koninklijke onderscheiding voor erelid Aebele Tals...

By accepting you will be accessing a service provided by a third-party external to https://www.dorp-ee.nl/