Mededeling Iepen Loft spul

Mededeling Iepen Loftspul Metslawier, voor de info klikt u op "lees meer"

Oan alle toanielselskippen,toanielspilers/spylsters yn Dongeradiel (en dêr bûten)

Stichting Iepenloftspul Mitselwier spilet takomme jier 13,14,20 en 21 septimber “de Smokkelaars fan `e Skâns” fan skriuwer dominy Hendrik Steen. Dominy Hendrik Steen skreaun under de skûlnamme Sibe fan Aangium en libbe fan 1895 (Anjum) oant 1953 (Haren)
Nei oanlieding fan it feit dat it takomme jier (2013) 200 jier lyn is dat ús lân fan de franske besetter befrijd waard (u.o troch Prins Willem Frederik van Oranje) en Nederlân wêr ûnôfhinklik waard hat Stichting Iepenloftspul Mitselwier een iepenloftspul skriuwe litten oer de ‘Smokkelaars’.
It stik is skreaun troch Simy Sevenster út Minnertsgea. De regy is yn handen fan Binne Reitsma mei help fan assistinte Martha de Jong. 

Wy binne op syk nei spilers en figueranten, om de 30 spilersrôllen op te foljen. Dêrneist is dêr ek noch een hiel soad figueraasje nedich. De ynformaasje- en audysjejûnen sil plak fine begjin jannewaris.

Dêrom beste leafhawwers fan toaniel, jow jim op om mei ús dêr takomme jier een bjusterbaarlik barren fan te meitsjen!

Wolle jo mear witte, of meidwaan dan kinne jo skilje mei skriuwer Doede Jongeling op telefoannûmer 0519 242071, fia de e-malje Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. of sjoch ús webside   
                             www.iepenloftspulmitselwier.nl 

Groetnis,

Bestjoer Stichting Iepenloftspul Mitselwier

 

Gladheid bestrijding Dongeradeel
Sint Maarten op 10 november

By accepting you will be accessing a service provided by a third-party external to https://www.dorp-ee.nl/