Workshop Frysk Skriuwen

Dêr ha wy it op it keatsfjild oer hân, nei oanlieding fan berjochtsjes dy’t wy nei inoar ferstjoerden. Yn it Frysk fansels, ús memmetaal. Wa wol dat no net sa goed as mooglik dwaan, mei sa min mooglik flaters. Wy laken derom. Mar wat wurde der in berjochtsjes yn ’t Frysk ferstjoerd!

By de Afûk binne se úteinset mei Workshops Frysk Skriuwen. Dat like guon froulju goed ta en hjir stiet it dan!

Yn de workshop krije jo antwurden op fragen sa as stiet der in ‘f’of in ‘v’ yn dat wurd? En wannear no in ‘s’ of in ‘z’? Wat is de taalregel by ‘û’ en ‘oe’?

Underdielen fan de workshop binne: de staveringswizigingen (fan 2015); in diktee en in tekst skriuwe. Dêrneist wat taaleigen, mei stikjes út ús doarpskrante. As ôfsluting in ûnderdiel mei sprekwurden en in kwis. En fansels geane jo nei hûs mei in protte tips.

Wannear      : woansdei 15 novimber yn Ie

Tiid                : 19.30 – 22.00 oere

Lokaasje       : hearre jimme noch

Kosten          : € 20,- de man

Foar wa’t mear witte wol oangeande kursussen Frysk, it folsleine kursusprogramma 2017-2018 stiet op de webside, kursus.afuk.nl.

Wa’t meidwaan wol kin him/har opjaan by de Afûk, Lineke Kuiper:

tel. 058 – 234 30 79, e-mail: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.

 

Dwaan!

                                                                           Rigtje Borger-Krol

Bedankt voor de overweldigende respons!
Nieuws uit 'It Braakhok'

By accepting you will be accessing a service provided by a third-party external to https://www.dorp-ee.nl/