Ferkearing

It hoentsje fan Roelof en Janneke Kampen hie ferkearing mei it hoentsje fan Piet en Fennie Visser. En fan it ien komt soms it oar. It stabijke rekke yn ferwachting. No it stie net al te best mei de familie Visser, mar nei ferrin fan tiid krige de stabij 12 jonge hoentsjes. Ien derfan wie direkt dea. No 11 jongen bij de stabij, wie in hiele opgaaf. De hele familie hat yn it spier west om de hoentsjes der iten bij te jaan, want mem stabij hie gjin molke genoch foar allegear. Mar it is tige best beteard. Op internet waarden de hoentsjes oanbean en se wienen samar ferkocht. De familie Visser tinke der no oan as twadde tak, om hjir mei fierder te fokken. We moatte mar ris ofwachtsje.

Bedrijf uitgelicht: "Sandy Road Ranch"
Stichting Welzijn ‘Het Bolwerk’

By accepting you will be accessing a service provided by a third-party external to https://www.dorp-ee.nl/