KNKB keatsen bij de Trochsetters

ImageZaterdag 2 juni 2012 waren de schoolmeisjes van de A en B klasse aan het keatsen in Ee. Voor het complete verslag en foto's klikt u op "lees verder"

KNKB skoallefamkes A en B klasse yn Ie.

In prachtiche keatsdei op it sportfjild yn Ie.
Dizze wedstriid waar sponsorje troch de rabobank n/o Fryslân.
Bedankt foar de help fan de alders fan de skoallefamkes op de linen en tillegraven en karmasters fan ús feriening.
Sûnder dy frijwilligers kin in wedstriid net troch gean.


Yn de A klasse wienen de krânsen foar it partoer Sjanet Wijnia,Wommels en Aluca Bouma, Grou
Sy hienen 18 foar en 12 tsjin.
De 2e priis gie nei de pleatslike favoryt Louise Krol, Ie en Jennie Terpstra, Mantgum.
Dizze fammen hienen ek 18 foar mar 13 tsjin. Ek it partoer fan Anne Monfils, Kimswerd en Mintje Meintema Dronyp 18 foar en 13 tsjin.
De ûnderlinge partij tusken Louise en Jennie en it partoer Anne en Mintje wie de winst foar Louise en Jennie mei 5-4 6-6
Dizze wedstriid stie ûnder lieding fan skiedsrjochter Douwe de Jong.
 
 
Er stienen 13 partoer yn de B klasse op de list mei as skiedsrjochter Julius de Jong.
De finale gie tusken Marije Jonker, Poppenwier en Simone Oppedijk, Hallum en it partoer fan Hester Bruinsma, Wommels en Angela Donga, Hallum.
Op 5-2 6-2 sloech Simone Oppedijk de bal oer de boppe.
De 2 tredde priisen wienen foar Brechtsje Jorritsma, Poppenwier en Ineke van der Ploeg, Ried en it partoer Lotte Delgrosso en Serena Hovenga beide út Marsum.
Yn de twade kâns wie de winst foar Hiske Zeinstra, Peins en Anke Mollema Nes (D) op
5-4 6-6 sloech Anke Mollema de keats foarby tsjin it partoer fan Martzen Deinum, Wommels en Leentsje Bootsma, Peins

Image

Louise Krol, Jennie Terpstra, Sjanet Wijnja en Aluca Bouma 

Image

Kranswinnaars B-klasse Marije Jonker en Simone Oppedijk 

Image

Image

Alle winnaars van de B klasse en de tweede kans

Jeugdledenpartij Ee 08-06-2012
Federatie partij in Ee

By accepting you will be accessing a service provided by a third-party external to https://www.dorp-ee.nl/